Banen fuort by suvelfabryk

Suvelkonsern skrast 200 Fryske banen
By suvelgigant Friesland-Campina ferdwine de kommende jierren mear as 200 banen by ferskate lokaasjes yn Fryslân. De grutste klap falt yn Dronryp. Der komme 86 banen te ferfallen trochdat it bedriuw de tsiisproduksje dêr yn 2011 stil leit.
Nochris 73 minsken ferlieze harren baan omdat de kofjemolke dy't yn Fryslân makke wurdt net langer yn Ljouwert ferpakt wurde sil. Derneist wurdt de tsiisferpakkingsôfdieling yn Drachten sletten. Dat kostet 60 banen.