De dei fan de lytse skriuwer

Rieks van der Es oan it wurk yn syn skriuwkeamer
Der binne yn Nederlân mear as in miljoen lytse skriuwers. Minsken dy't der fan dreame de nije Dan Brown of Stieg Larsson te wurden, mar by útjouwerijen gjin poat oan de grûn krije. Rieks van der Es fan Drachten wol dizze lytse skriuwers eare.
Van der Es wol eins in stânbyld foar de lytse skriuwer oprjochtsje, mar omdat dêr gjin jild foar is hat er no 10 desimber útroppen ta de dei foar de lytse skriuwer.