Minder minsken op saak-Postma

10 des 2009 - 13:59

It ûndersyksteam op de saak fan Ludmila Postma fan Jislum is werombrocht fan 30 nei 10 minsken. It ûndersyk nei de ûntfiering fan 'e frou rint tige muoisum. Op dit stuit wurde de lêste tips noch neirûn. Nije wike falt it beslút oft it ûndersyk noch fierder giet of ôfsletten wurdt.

Ludmila Postma (39) waard begjin novimber yn Ljouwert troch twa Russysk pratende mannen yn in auto ûntfierd. Se koe in pear dagen letter ûntsnappe. In twadde ûntfierde frou is spoarleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)