Optocht foar minskerjochten

10 des 2009 - 12:23
  • Tsien desimber is de dei fan de minskerjochten.

Yn Ljouwert hat in groep fan sa'n hûndert jongeren tongersdei meidien oan in optocht. Doel dêrfan wie om omtinken te freegjen foar de ynternasjonale minskerjochten.

Mei blauwe ballonen en spandoeken rûnen de dielnimmers in tocht dy't begûn by it stedhûs en einige by it fersetsmuseum. Underwiis-wethâlder Gerrit Krol hat ek in petysje tekene wêryn it ûnderwiis frege wurdt mear omtinken oan minskerjochten te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)