Hearrenfean-froulju nei Snits

10 des 2009 - 12:18
  • De froulju fan Hearrenfean kamen al earder yn aksje yn Snits (foto: Martin de Jong)

De wedstriid yn de earedivyzje foar froulju tusken SC Hearrenfean en ADO Den Haach wurdt tongersdeitejûn net op It Hearrenfean spile mar op it keunstgers fan Snits Wyt Swart yn Snits.

Op de fjilden fan Skoatterswâld, de trainingsakkomodaasje fan Hearrenfean, kin fanwege it minne waar fan de lêste wiken net spile wurde. De wedstriid begjint tongersdeitejûn om healwei achten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)