Ald en nij: pittige straffen

10 des 2009 - 11:54

Minsken dy't mei de jierwiksel in oertreding begeane, wurde noch wer swierder straft as ferline jier. Dat hat justysje besletten. Ek sil noch mear ynset wurde op it ferheljen fan skea oan bygelyks ferkearsbuorden of bushaltes.

Justysje en plysje hoopje mei de maatregels ûngeregeldheden en fernielerij yn de âldjiersnacht foar te kommen. As der wat mis giet, dan sil dat hurd oanpakt wurde. Wa't wat úthellet moat op 8 jannewaris foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)