Trochstart Lemster seilmakker

De Lemster seilmakkerij giet yn jannewaris wer los, mar wol mei minder minsken
Seilmakkerij De Vries op 'e Lemmer makket in trochstart. It bedriuw giet fan 4 jannewaris ôf fierder mei seis fan de fjirtjin meiwurkers. De oare acht binne harren wurk kwyt.
De Vries hat in partikuliere ynvestearder fûn dy't in pear ton yn it bedriuw stekt. It krekte bedrach wol de direkteur net kwyt. Earder wegeren noch fjouwer banken om him in kredyt te jaan. De seilmakkerij hat no genôch jild om wer fierder te gean.