Protest tsjin Súdwest-Fryslân

10 des 2009 - 10:59

Gemeenten yn West-Friesland protestearje tsjin de namme fan 'e nije fúzjegemeente yn 'e Súdwesthoeke. De mooglike nije namme Súdwest-Fryslân soe tefolle lykje op West-Friesland en foar betizing soargje. Dat stiet yn in brief oan boargemaster Brok fan Snits.

Dy makket him der net drok oer. Neffens him is it net wis wat de namme fan de nije fúzjegemeente wurdt, omdat ynwenners fan de regio dy namme letter sels noch kieze meie. Mei de namme Súdwest-Fryslân is neat mis, fynt Brok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)