Bibliobus út Smellingerlân

Yn Smellingerlân net mear boeken liene yn de bus...
De bibliobus ferdwynt út it strjitbyld fan Smellingerlân. Sa'n tweintich jier hat de bus troch de gemeente rûnriden. Fan takom jier ôf ferdwine de lêste haltes yn Boarnburgum en Drachtsterkompenije.
De bus wurdt ferfongen troch saneamde servicepunten dêr't minsken boeken liene kinne. Neffens de Beleefbiblioteek Smellingerlân smyt dat in soad foardielen op. De servicepunten komme yn in basisskoalle en in doarpshûs.