Fryske wettersport promoate

09 des 2009 - 20:56

Der wurdt yn Den Haach jild bestege om de Fryske wettersport ynternasjonaal te promoaten. Yn it nasjonaal toerisme belied is alle jierren jild beskikber foar de promoasje fan toerisme. It is foar it earst dat der ek jild nei Fryslân giet. Dat dat no bart is in erkenning dat de Fryske wettersport fan nasjonaal belang is.

Hoe heech it bedrach krekt is is noch net bekend, mar it wurdt rûsd op sa'n heal oant in ien miljoen euro yn it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)