OK punten foar feilich gefoel

09 des 2009 - 20:34
  • De dielnimmers krije dit boerd oan de muorre

Fan freed ôf binne der 16 OK punten yn Ljouwert. Dat binne plakken dêr't minsken binnen stappe kinne as se har net feilich fiele. De punten binne te herkennen oan blau ferljochte úthingbuorden mei it OK logo derop.

It OK punt is ek in keurmerk, dielnimmers ha in kursus folge. Se ha leard om te gean mei minsken dy't har ûnfeilich fiele of slachtoffer binne fan geweld. De OK punten binne der ek al yn oare stêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)