'Gearwurking musea ferbettere'

09 des 2009 - 20:16

Der is in koördinator oansteld foar Markant Friesland. Dat is in gearwurkingsferbân tusken 22 musea yn Noard-East Fryslân. De gearwurking is rjochte op it fergrutsjen fan it besikersoantal. Mar ek om effisjinter te wurkjen. Sa kin der in pûl ûntstean om frijwilligers te belûken by ferskate musea.

Ek kinne der kolleksjes útwiksele wurde. De koördinator moat al dy saken regelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)