Priis foar Ljouwerter chip

De chip kin fluch utslútsel jaan oer in besmetting
It Ljouwerter bedriuw Legyon hat in Europeeske ynnovaasjepriis wûn. Legyon is in gearwurking tusken wetterbedriuw Vitens en TNO. Sy ha mei-inoar in legionellachip ûntwikkele. De priis is woansdeitejûn útrikt yn Brussel.
De chip makket it mooglik om binnen fjouwer oeren fêst te stellen oft der in baktearje yn de wetterlieding sit en oft dy skealik is foar de folkssûnens. Sûnder chip duorret dat in wike.