Geitehâlders ûngerêst

09 des 2009 - 17:06

Geitehâlders yn Fryslân meitsje har hieltyd mear soargen oer it oprukken fan de Q-koarts. De Q-koartsbaktearje wurdt ferspraat troch geiten en kin oerspringe op minsken. Yn Fryslân binne noch gjin boerebedriuwen mei de sykte, mar krekt oer de grins wol.

Fryslân hat 25 geitehâlderijen. Yn Fryslân binne foar safier bekend trije minsken troffen troch de Q-koarts. Neffens de GGD Fryslân is der gjin reden foar ûngerêstheid. De kâns dat je siik wurde is tige lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)