Jild foar hendikaptesport

09 des 2009 - 16:48

De Fryske gemeenten moatte in strukturele bydrage jaan foar sporten foar minsken mei in hendikap. Dy oprop dogge Revalidatie Friesland en Sport Fryslân. De lêste jierren binne de sportmooglikheden foar minsken mei in beheining bot groeid.

Der binne no hast 350 aktiviteiten yn Fryslân, wylst dat yn 2005 noch mar 209 wiene. Dy groei wie mooglik troch it projekt Revalidatie en Sport, dat betelle waard troch de Provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)