Wengroepen yn Drachten

09 des 2009 - 13:38

Yn Drachten komme trije wengroepen foar jongeren mei in ferstanlike beheining. Dat is alteast it plan dat Tjallinga Hiem út Ljouwert yntsjinne hat by de gemeente Smellingerlân. It giet om trije twa-ûnder-ien-kap wenningen, dy't oan de Hagewyk en de Langewyk komme moatte.

Yn elke wenning komt in groep fan acht jongeren. Tjallinga Hiem hat al wengroepen yn Ljouwert, Snits, Twizelerheide en Pitersbierrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)