F15 by spuiterij Elzinga

In F15
By spuiterij Elzinga yn Jirnsum wurdt de kommende twa moanne in F15 jachtfleantúch spuite. De âlde broer fan de F16 is eigendom fan it militêre loftfeartmuseum yn Soesterberg. It Amerikaanske fleantúch stie dêr bûten it museum, mar krijt in plakje binnendoar. Dêrom moat er in nije fervelaach en nije belettering hawwe.
Elzinga krige de opdracht troch yn te skriuwen op in Europeeske oanbestegingsproseduere.