Fytsbrêge oer Nauwe Greuns

Nei hast fjouwer jier kinne ynwenners fan de wenwyk Zuiderburen bij Ljouwert einliks op de fyts nei Warten en Wergea sûnder dat se kilometers omfytse moatte. Oer de Nauwe Greuns wurdt in fytsbrêge oanlein, dy't ek iepen kin foar boaten.
Der wiene al folle langer plannen foar sa'n brêge, mar dy moasten flink oanpast wurde. Sa wurdt de brege heger en breder as earst tocht. De kosten foar de nije fytsbrege oer de Nauwe Greuns wurde rûsd op 1,2 miljoen euro.