Soad nije boerestâlen

It lêste jier binne yn Fryslân in soad nije boerestâlen boud. Dêrby falt op dat feehâlders hieltyd mear rekken hâlde mei it wolwêzen fan de ko. Want wat better de ko him fielt, wat mear molke er jout. It wurdt de ko nei 't sin makke mei kowematrassen, spesjale lampen en foaral in soad romte.
Guon boeren hawwe sels plannen foar in kowetún. Dêr steane de kij yn in stâl mei beammen mei in soad romte. En as se nei bûten wolle, dan rinne se nei in boartersfjild.