Ynbraak yn Arum

09 des 2009 - 10:30

De plysje hat twa ynbrekkers oanhâlden. De 42-jierrige frou út Snits en in 60-jierrige man fan De Lemmer hiene op 30 novimber ynbrutsen yn in wenning oan de Sytsamawei yn Arum. Se hiene in skoatkompjûter en in mobile telefoan stellen.

De plysje kaam de ynbrekkers op it spoar troch in buertûndersyk. Se hawwe bekend. De spullen binne weromjûn oan de eigners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)