Soargen Warstiens oer dyk

09 des 2009 - 10:21
  • De dyk nei Warstiens
  • De dyk sit fol gatten en skuorren

Warstiens makket him grutte soargen oer de tagongsdyk nei it doarp. Neffens Doarpsbelang sitte der safolle gatten en skuorren yn de dyk dat it gefaar opsmyt. Benammen foar de skoalbern dy't nei Wergea ta moatte kin it eins sa net langer.

De gatten wurde troch de gemeente wol no en dan opfolle, mar dat helpt neffens Doarpsbelang net om't de dyk troch it lânbouferkear wer stikken riden wurdt. Neffens de gemeente is der gjin jild om de dyk op te knappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)