Wize man te set oer erfpacht

08 des 2009 - 22:35

In wize man of frou moat him of har bûge oer de kwestje fan de erfpacht op de Waadeilannen. Dat hat minister Verburg besletten. Staatsbosbeheer wol de erfpacht op de Waadeilannen merkkonfoarm meitsje. Dat betsjut dat de erfpacht yn guon gefallen mei hûnderten persinten omheech giet. Der is fûl ferset tsjin dy plannen.

De Feriening fan erfpachters op de waadeilannen is swier teloarsteld dat der noch altiten net in definityf beslút naam is oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)