Arno Brok nei Dordrecht

08 des 2009 - 21:03
  • Brok, no noch boargemaster fan Snits
  • Arno Brok aktyf yn de Snitswike

Boargemaster Brok ferlit Snits en giet nei Dordrecht as boargemaster. De gemeenteried dêr hat him foardroegen. Brok woe fuort, omdat syn gemeente op 1 jannewaris 2011 ferdwynt. Hy wol gjin boargemaster fan de nije fúzjegemeente wurde.

Arno Brok is hikke en tein yn de omkriten fan Dordrecht. Hy wurdt dêr ek de nije korpsbehearder. Hy woe graach yn Fryslân bliuwe, mar seach Ljouwert oan syn noas foarbygean. Oare opsjes yn Fryslân seach hy net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)