DS koarter mei fakânsje

Deputearre Steaten ha tenei net mear seis, mar fjouwer wiken fakânsje. Dat ha de deputearren besletten op foarstel fan kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. As it wurk seis wiken stilleit, soarget dat foar fertraging as der besluten naam wurde moatte.
It kolleezje hie dan wol seis wiken fakânsje, mar der wie altiten ien bestjoerder op it provinsjehûs oan it wurk. Dat bliuwt ek sa as de fakânsje aanst fjouwer wiken duorret.