Promoasje Súdeast-Fryslân

08 des 2009 - 17:21

De regio Súdeast-Fryslân sil himsels presentearje op de fakânsjebeurs yn Utrecht. Troch besikers bekend te meitsjen mei de rêst, romte en kultuer moat it toerisme yn Súdeast-Fryslân in ympuls krije.

De ôfrûne tiid hawwe de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Opsterlân en West- en Eaststellingwerf gearwurke om yn de mande mei ûndernimmers plannen te meitsjen om mear rekreanten nei it gebiet te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)