Lieuwe Westra wer twadde
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is tongersdei foar de fjirde kear achterelkoar twadde wurden yn de tiidrit fan De Driedaagse van De Panne yn België. Westra wie in lytse 4 sekonden stadiger as de Frânsman Sylvain Chavanel.
Yn it einklassemint einiget Westra as twadde ek wer mei deselde achterstân op Chavanel.