Mear wurk Wajongers

Minister Donner wol mear Wajongers oan it wurk
Takom jier moatte yn Fryslân hast twa kear safolle jongeren mei in Wajong-yndikaasje oan it wurk komme as yn it ferline.
Jierliks melde har goed 1200 Wajongers oan by it UWV. Dat binne jongeren mei in lichaamlike of geastelike beheining. Goed 800 fan har soene wurkje kinne, mar oant no ta waarden mar sa'n 300 oan wurk holpen. Dat moatte takom jier minimaal 600 wurde.