Maatregels agressive stappers

08 des 2009 - 17:06

Minsken dy't by it stappen yn Surhústerfean oer de skreef geane krije in folslein hoarekaferbod foar alle kroegen yn it doarp. Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan soe dat in effektyf middel wêze kinne om it groeiende stappersgeweld tsjin te gean.

Fanwege de agressive sfear gong Van der Zwan sels ek in jûn op stap. De hiele jûn wie it rêstich, mar neidat er om trije oere moarns nei hûs gong, bruts der wer in fjochtpartij út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)