Geiten ôfmeitsje by Q-koarts

08 des 2009 - 12:29

Alle drachtige geiten op in mei Q-koarts besmette geitehâlderij moatte romme wurde. Dat advys fan it RIVM oan it ministearje fan LNV lekte moandei út. It belied fan faksinearje soe net ta minder besmettingsgefallen liede. Yntusken binne der alve minsken ferstoarn troch de Q-koarts.

Tsientûzenen geiten soene, as it advys opfolge wurdt, ôfmakke wurde yn Noard-Brabân en Twente, dêr't bedriuwen besmet binne. Yn Fryslân is noch gjin Q-koarts ûntdutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)