Epke 'Goudhaantje' fan 2009

08 des 2009 - 12:05

Turner Epke Zonderland is troch it sportmagazine Helden útroppen ta Goudhaantje fan 2009, in priis foar de sportheld fan it jier. Helden is it nije blêd fan tv-presentators en heit en dochter Frits en Barbara Barend.

Njonken Epke wiene ek Sven Kramer, Edward Gal, Robin van Persie en Yuri van Gelder nominearre. De winner waard tiisdei bekend makke yn it radioprogramma 'Evers staat op' op Radio 538.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)