Kollumer Krante nei Dokkum

08 des 2009 - 11:51

It gebou fan de Kollumer Krante, Nieuwsblad van Noordoost Friesland en it Westerkwartier yn Kollum giet mei yngong fan jannewaris 2010 ticht. De redaksje en de ferkeapôfdieling sille oergean nei Dokkum. Dêr komme de njoggen meiwurkers yn it gebou fan de redaksje fan de Nije Dokkumer Krante.

Beide kranten binne sûnt in skoftke ûnderdiel fan de Noordelijke Dagblad Combinatie, de NDC. De Kollumer Krante sit al 125 jier yn it gebou oan de Foarstrjitte yn it sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)