Undernimmers wer positiver

08 des 2009 - 10:59

Undernimmers yn it Noarden binne foar it earst sûnt in jier wer wat positiver oer de takomst. Dat docht bliken út de enkête dy't de Keamer fan Keaphannel ien kear yn it fearnsjier ûnder ûndernimmers hâldt.

It tal ûndernimmers dat in hegere omset ferwachtet leit foar it earst sûnt mids ferline jier heger as it tal ûndernimmers dat rekkenet op omsetferlies. Benammen yn de yndustry, de gruthannel en de detailhannel binne de ûndernimmers posityf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)