Kontroleurs binne oplichters

08 des 2009 - 10:09

De plysje warskôget foar mooglike oplichters dy't har foardogge as kontroleurs fan in ynstallaasje-bedriuw. By de plysje binne op syn minst twa gefallen bekend wêrby't ien oanbelle en sei dat er foar in kontrôle fan de cv-tsjettel kaam. Dat barde yn Burgum en De Westereen.

Yn ien gefal wie yn de wenning gjin cv-tsjettel oanwêzich. Yn it oare gefal gie it om in nije tsjettel dy't fan in oar bedriuw kaam. De plysje freget minsken om fertochte gefallen te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)