Jild foar Claudy Jongstra

Claudy Jongstra © Fan Fryslân
Keunstner Claudy Jongstra út Spannum krijt 35.000 euro fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. It jild is bedoeld om jongeren yn 'e kunde te bringen mei tekstile ambachten as spinne, weve en filtmeitsjen. It jild komt út it Dames Tiemersma Fonds, dat beheard wurdt troch it Prins Bernhard Cultuurfonds.
Dat fûns rjochtet him op de ûntwikkeling fan jonge talinten yn de muzyk en de tekstile foarmjouwing. Mei-elkoar is derfoar goed 180.000 euro oan bydragen ferliend út it fûns.
Dy geane ûnder oare ek nei kulturele aktiviteiten by de Slachtemaraton en it projekt Gouden Draad. By dat projekt lizze moadestudinten in link tusken klean út de 17e ieu en dy fan no.