Minder jild foar Renn4

07 des 2009 - 22:37

Underwiisorganisaasje Renn4 is benaud in belangryk part fan 'e ynkomsten kwyt te reitsjen. Steatssektaris Dijksma (PvdA) wol dat jild foar it saneamde 'rêchsekje' streekrjocht nei skoallen tagiet. Mei it jild wurde bern yn it spesjaal ûnderwiis holpen.

Renn4 tinkt dat it oerslein wurdt as it plan fan 'e minister trochgiet. De organisaasje hat in soad saakkundigen en kennis oer problemen fan bern. Skoallen soene foar oare help en ûndersteuning kieze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)