Wer winst Jong Hearrenfean
Jong Hearrenfean/Emmen hat opnij fan in topper yn de beloftekompetysje wûn. Op Sportpark Skoatterwâld waard Jong Sparta mei 1-0 ferslein. It winnende doelpunt, yn in wedstriid mei in protte striid, waard yn de 69e minút makke troch Samir Fazli. Deselde spiler krige letter ek in reade kaart.
Ferline wike wûn Jong Hearrenfean yn Eindhoven noch fan Jong PSV, doe de koprinner. De kombinaasjeploech fan trainer Johnny Jansen is no klommen nei it sânde plak mei 19 punten.