Man botst tsjin beam

In noch ûnbekende automobilist is moandeitemiddei ferwûne rekke op de paralleldyk by de A32 tusken Wolvegea en It Hearrenfean lâns. De man ried oer de Heerenveenseweg fan It Hearrenfean nei Wolvegea. Hy kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm en botste hurd op in beam.
De brânwacht moast de man út it wrak fan syn auto helje. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs De Tsjongerskâns fan It Hearrenfean brocht.