Plasterk fynt gameship moai

07 des 2009 - 17:23
  • De on-line presintaasje fan it gameship fan 'e NHL

Minister Plasterk fan ûnderwiis en kultuer is ûnder de yndruk fan 'e nije gamestudio The Gameship fan hegeskoalle NHL. Dat sei er moandei by in wurkbesite. Plasterk woe sels wolris sjen wat de NHL oan ICT-tapassingen betinkt en docht.

In goed foarbyld is it programma Speak-Up. Mei dat programma kinne bern op ynternet de sprekfeardigens oefenje. Plasterk wie posityf oer de Ljouwerter virtual reality en de mooglikhdeden dy't dat jout foar it ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)