100 minsken keapje stikje Waad

07 des 2009 - 16:36
  • De aksje Wadoptie.nl is in grut súkses

De mooglikheid om in stik Waadgebiet te adoptearjen is hiel populêr. De Waadferiening begûn in pear dagen lyn mei dy nije manier om leden te winnen. Al mear as hûndert minsken hawwe in stikje grûn of see 'kocht'.

Op in spesjale webside kinne sy op de kaart har eigen favorite plakje útsykje. Foar fiif euro it jier kin fiif bunder grûn adoptearre wurde. Mei in spesjale nijsbrief wurde de tydlike eigners op 'e hichte hâlden fan de ûntwikkelings op har eigen stik Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)