Utwreiding sikehûs NOP begûn

07 des 2009 - 15:55
  • It begjin fan 'e útwreiding fan it sikehûs yn Emmeloard
  • Hjir wurde ûnder oare röntgenfoto's makke

Yn Emmeloard is moandei in begjin makke mei de útwreiding fan de dependânse fan it Antonius Sikehûs. It sikehûs wurdt oardel kear sa grut. Der komt in ôfdieling psychiatry, reumatology, deibehanneling en nierdialyze.

It sikehûs bestiet no út in húsdokterspost mei earste help. Spesjalisten hâlde der sprekoere en der wurde ek röntgenfoto's makke. It sikehûs is tige populêr en moat dêrom útwreide wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)