Optimisme oer krystferkeap

Sinteklaas is it lân noch mar kwalik út of de krystfersiering wurdt rûnom ophongen en te keap set. Ferkeapers fan krystbeammen en sfearartikels hoopje de kommende wiken goede saken te dwaan.
By túnsintrum Intratuin tinke de meiwurkers dat de resesje krekt positive gefolgen hawwe sil foar de ferkeap fan krystbeammen en krystfersiering. De ferkeap fan krystbeammen is moandei út ein set.