'Lit Verburg molkkwota lease'

De boeren wolle mear foar harren molke barre
De 21 miljoen euro dy't de EU beskikber stelt foar melkfeehâlders moat brûkt wurde om melkwota út de merk te leasen. Dat fynt de NMV, de Nederlandse Melkveehouders Vakbond. It bûn hat de minister dêrom frege.
It jild is tasein neidat der yn Brussel aksjefierd is troch de European Milk Board. Dy wol in earlike molkpriis. Dêr komme earst gjin maatregels foar, dus moat de minister dat dwaan troch molkkwotum út de merk te helpen, fynt de NMV.