Tal kranteabonneminten nimt ôf

07 des 2009 - 10:20
  • De krante: neffens it CBS hieltiid mear in medium foar de âlderein

Hieltiid minder minsken hawwe in abonnemint op in deiblêd. Yn 2008 hie noch de helte fan alle húshâldings in krante-abonnemint, yn 1997 wie dat noch 62 %. Sintraal Buro foar de Statistyk CBS hat dit bekend makke.

Benammen jonge húshâldings tusken de 25 en 45 jier hawwe net folle belangstelling foar in abonnemint op in krante. It CBS tinkt dat dizze groep is nijs benammen op ynternet en mei help fan de fergese deiblêden folget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)