Sven Kramer wint mei ploech

07 des 2009 - 08:48
  • Sven Kramer: ek sterk yn 'e ploege-efterfolging (argyf-foto Martin de Jong)

Sven Kramer hat mei de Nederlânske ploech de ploege-achterfolging wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary. Mei Carl Verheijen en Jan Blokhuijsen ried Kramer in tiid fan 3.38,05. Kanada waard twadde, Noarwegen tredde.

Yn Salt Lake City sil Sven Kramer takom wykein net meidwaan op de 5000 meter. Hy wol him folslein rjochtsje op de 1500 meter. Faaks is er ek net beskikber foar de achterfolgingsploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)