Kraan útbaarnd by Tsjerkwert

07 des 2009 - 08:47

In kraan fan leanbedriuw Tolsma út Tjsom is sneintejûn útbaarnd. De sjauffeur wie ûnderweis fan Tsjom nei Parregea doe by Tsjerkwert reek út de kraan kaam. De kraan stie gau dêrnei folslein yn brân. De brânwacht fan Parregea waard alarmearre en hat de kraan mei skom blust. De kraan is útbaarnd.

De skea rint yn de tsientûzenen euro's. De kraan is mei in sjofel op in djiplader setten en sa ôffierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)