Gjin sukses sneinshaadklassers

06 des 2009 - 17:44
  • Inne Schotanus, trainer fan Snits Wyt Swart

Der wie gjin sukses foar de Fryske sneinshaadklassers. Snits Wyt Swart ferlear op it eigen fjild mei 3-0 fan Quick '20. Nei 30 minuten kaam de ploech út Oldenzaal op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte waard it 3-0 foar in better spyljend Quick '20. Snits Wyt Swart hat sechtjin punten út alve wedstriden.

De oare haadklasser, De Jouwer, ferlear de útwedstriid tsjin Rohda Raalte mei 3-1. De Jouwer bliuwt lêste mei mar twa punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)