Fideoklip Van Wieren opnaam

Van Wieren
De Fryske band Van Wieren hat ôfrûne tongersdei in fideoklip opnaam by it nûmer 'Dyn Eagen'. Dit liet makke de band foar WarChild, in organisaasje dy't him ynset foar bern yn oarlochsgebiet.
Reade tried yn de klip binne bern dy't mei fakkels yn de hannen in optocht foarmje. Oan it nûmer wurket ek Marieke Swart mei, presintatrise fan it Omrop Fryslân-skoaltelevyzje programma WitWat. Doel fan it nûmer is om jild yn te sammeljen foar WarChild.