Stikken glês yn gesicht
Yn Surhústerfean is sneintemoarn betiid in 18-jierrige ynwenner fan it Grinzer Gruttegast oanhâlden. Hy hie yn in útgeansgelegenheid spul krigen mei in 19-jierrige man fan De Rottefalle.
De Grinzer drukte dêrby de man fan de Rottefalle in stikken glês yn it gesicht. Hy is nei it sikehûs brocht. De Grinzer is meinaam nei it plysjeburo.