Man fertocht fan brânstifting
In 28-jierrige ynwenner fan Akkrum wurdt derfan fertocht syn eigen hûs yn Tersoal yn 'e brân stutsen te hawwen. Yn de nacht fan sneon op snein bruts der brân út yn syn wente oan it Pounsmiet.
Noch by it dwêsten koe er oanhâlden wurde. Oan de hân fan tsjûgeferklearrings waard dúdlik dat de man mooglik sels ferantwurdlik wie foar de brân.