Brommerrider swier ferwûne

06 des 2009 - 15:11

In 17-jierrige brommerrider út Harns is sneontejûn swier ferwûne rekke by in oanriding op Skylge. De jonge ried oer de Haadwei by Hee doe't er frontaal skept waard troch in auto dy't bestjoerd waard troch in 18-jierrige frou út Bûtenpost.

Dy wie op dat stuit krekt in oare auto oan it ynheljen. De Harnzer is mei de rêdingsboat nei Harns brocht wernei't er yn kritike tastân oerbrocht is nei it UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)